Shorttrackmanlju wurde fiifde op ôflossing WK

10 mrt 2019 - 12:42

De Nederlânske shorttrackers hawwe snein de B-finale fan de ôflossing winnend ôfsletten. Trije fan de fjouwer manlju komme út Fryslân: Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Dennis Visser kamen yn aksje. De oare Fries, Jasper Brunsmann, wie reserve en kaam net yn aksje.

Daan Breeuwsma triuwt Itzhak de Laat by de ôflossing sneon - Foto: Orange Pictures

De manlju wisten harren sneon net te pleatsen foar de A-finale. Op de finish kaam De Laat in pear sintimeter te koart, wêrtroch't de B-finale it gefolch wie. Dy ried Nederlân sneintemoarn tsjin Kanada, dat twadde waard, en nûmer trije Japan. De winst yn de B-finale betsjut dat Nederlân as fiifde einiget, om't der yn de A-finale fjouwer lannen ride.

De Nederlânske froulju, mei ûnder oaren Suzanne Schulting en Rianne de Vries, ride sneintemiddei de A-finale. Sy hawwe dus noch kâns op in medalje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)