LIVEBLOG: WK shorttrack dei 3

10 mrt 2019 - 14:00

It is snein de tredde en lêste dei fan it wrâldkampioenskip shorttrack. Der steane twa yndividuele ôfstannen op it programma: de 1000 meter en de superfinale. Suzanne Schulting stiet fiifde yn it klassemint en hat noch alle kânsen op de wrâldtitel. Boppedat kin Schulting, tegearre mei Rianne de Vries en de oare Nederlânske froulju, goud pakke op de wrâldtitel. It kin hast net oars as dat it wer in spannende dei wurdt! Folgje it allegear yn dit liveblog.

16:00
Einde toernoai wat de Nederlanners oanbelanget

Dêrmei is der in ein kaam oan it wrâldkampioenskip shorttrack foar de Nederlanners. In wrâldkampioenskip mei twa titels foar Suzanne Schulting: op de 1000 meter en de allroundtitel. Tige tank foar it folgjen!

Foto: Orange Pictures
15:48
De ûntgûcheling is grut by Nederlân

De Nederlânske froulju ride ferslein oer it iis. Se realisearje harren dat se njonken in medalje gripe by de ôflossing. Nederlân wurdt fjirde. Súd-Korea wint, foar Ruslân en Kanada.

15:42
NEE! Schulting falt

Wat in anty-klimaks. Nederlân lei op kop en like op wei nei in gouden medalje by de relay. Oardel ronde foar de ein giet it allinne mis. Suzanne Schulting giet ûnderút, wêrtroch as Nederlân fjirde wurdt...

15:38
De relay begjint!

Alle froulju steane op it iis. De ôflossing set útein...

15:31
En dan moat de relay noch komme...

Der kin foar Suzanne Schulting hjoed noch in tredde(!) gouden medalje by komme. Oer fiif minuten set nammentlik de ôflossing útein en Nederlân heart by de topfavoriten. Njonken Schulting ride ek Rianne de Vries, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven. Nederlân moat it opnimme tsjin Súd-Korea, Ruslân en Kanada.

15:21
Hannie Schulting is oergryslik grutsk

De mem fan Suzanne Schulting, Hannie Schulting, is oergryslik grutsk op har dochter. "Dit is in enoarme ûntlading. It hiele wykein haw ik enoarm senuweftich west. Je gunne it har sa, want se is it hiele seizoen sa goed. Dan wolle je ek dat je it goed ôfslute. Suzanne wie ferline wike wat siik, se siet oan de antibioatikum. Dat it dan sa útkomt, is geweldich", sa sei Hannie Schulting.

15:17
Suzanne Schulting is wrâldkampioen shorttrack - Foto: Orange Pictures
15:13
Utslach superfinale

Foar Lara van Ruijven is de superfinale wol hiel spitich ferrûn. Se is net oer de finish kaam, neffens de offisjele útslach. Dêrtroch wurdt se gjin tredde, mar fjirde yn it algemien klassemint.

Utslach superfinale

1. Suzanne Schulting

2. Min Jeong Choi

3. Ji Yoo Kim

4. Sofia Prosvirnova

5. Yize Zang

6. Kim Boutin

7. Kexin Fan

8. Lara van Ruijven

15:10
SUZANNE SCHULTING PAKT DE WRALDTITEL!!!!

SUZANNE SCHULTING PAKT DE WRALDTITEL! Se wint de superfinale en wurdt algehiel wrâldkampioen!

14:56
Wat is wichtich foar de superfinale?

Om de wrâldtitel te pakken, moat Suzanne Schulting yn elts gefal:

- It poadium helje

- Boppe Choi einigje

- Soargje dat Kim Boutin net wint

(Advertinsje)
(Advertinsje)