MCL begjint Academie

02 jul 2012 - 10:59

It MCL is mei yngong fan dizze moanne begûn mei de MCL Academie. Binnen dy akademy binne alle besteande aktiviteiten op it mêd fan oplieding, ûnderwiis, learen en ûndersyk bondele. Dat learen wurdt hieltyd belangriker yn it Ljouwerter sikehûs.

De akademy rjochtet him op de meiwurkers en de beropsopliedingen. Mear kennis wurket ek troch nei de pasjinten om't de kwaliteit fan de soarch better wurdt. It MCL hopet mei de opliedingen ek nij personiel oan te lûken troch in goed opliedings- en ûndersyksklimaat.

Trefwurden: 
sikehûs MCL
(Advertinsje)
(Advertinsje)