PODCAST: De striid fan iisbear en poalreizger

Tink oan kjeld, tink oan iis, ferpleats dy nei de 16e iuw. Doe't goudsikers en ûntdekkingsreizgers op reis gongen nei it Noarden, sykjend nei rykdom, nije farwegen en in ûnbekende wrâld.
© Het Gedroomde Noorden
It ferhaal fan Willem Barentsz op Nova Zembla is wol bekend. By al it ferlijen dat de reizgers ûnderweis trof, hearde ek de moeting mei iisbearen. Ien fan de reizgers dy't mei wie, Gerrit de Veer, hold in deiboek by. It ferhaal 'Stateneiland, Karazee - Een ijsbeer' fan Adwin de Kluyver út Ljouwert is skreaun út twa perspektiven wei: dat fan de poalreizgers én dat fan de iisbear. Want ek de iisbear, oant dan ta de sterkste op it iis, hie ynienen in fijân: de minsk.
Harkje hjir nei it tredde diel fan de podcast Het Gedroomde Noorden. Dit ferhaal is as podcast te finen op Spotify & iTunes of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS.
Diel 1 'Unst - Een klif' is hjir te beharkjen of harkje werom nei diel 2 fan de podcastsearje, it ferhaal oer Minik de Eskimojonge.