Doelpuntekanon Vlap lakonyk oer rake frije traap: "Dat lukte volgens mij vrij aardig"

10 mrt 2019 - 10:51

Sportklup Hearrenfean hat de wedstriid tsjin ADO Den Haag sneon wûn mei 3-2. De earste twa Fryske doelpunten waarden makke troch Michel Vlap fan Snits. It tredde doelpunt wie fan Sam Lammers.

Benammen de frije traap fan Michel Vlap foel op, al docht er der sels wat lakonyk oer. "Ik wilde hem eigenlijk over de muur schieten, maar ik zag de keeper te ver naar het midden staan. Dan is het gewoon hard in de bovenhoek schieten. Dat is wat je probeert en dat lukte volgens mij vrij aardig."

Vlap hat dit seizoen yntusken mar leafst fjirtjin doelpunten op syn namme stean. "Bizar! Ik zei laatst nog tegen mijn moeder 'ik weet niet wat er nu allemaal gebeurt, joh'. Het is echt ongelofelijk."

Mei dit resultaat stiet Hearrenfean no achtste yn de earedifyzje en lykje de soargen fan in pear wike lyn foarby. Trainer Jan Olde Riekerink wit wol hoe't dat sa kaam is. "Het is een fantastisch team dat heel goed met elkaar is. Hard werken op de training en de individuen laten schitteren. Dat vind ik eigenlijk de grootste typering van dit team. We zijn gewoon dicht bij elkaar gebleven en hebben ons niet zoveel aangetrokken van wat er om de club heen geschreven of gezegd werd. Wij hebben gewoon ons plan getrokken."

(advertinsje)
(advertinsje)