Simmerdeis luts soad folk

Simmerdeis, edysje 2012 © Foto Simmerdeis
Simmerdeis yn Drachten hat 19.000 besikers lutsen. Dêrmei wie dizze edysje fan it festival drokker besocht as de fiif eardere edysjes. Op it festival yn it Slingepark wie teater, muzyk en byldzjende keunst te sjen. Der wie ek lokaasjeteater yn Drachtsterkompenije.
Simmerdeis is in grien en duorsum festival en ferfierde besikers mei miljeufreonlike hybride Simmerdeisauto's nei it festivalterrein.