Ald-reedrydsters organisearje feiling foar ûndersyk nei longkanker

10 mrt 2019 - 07:28

In bysûndere feiling set sneintejûn útein. It doel is om jild op te heljen foar ûndersyk nei longkanker. Alles ta neitins oan reedrydster Paulien van Deutekom. De âld-wrâldkampioen reedriden ferstoar begjin dit jier oan de gefolgen fan longkanker. Acht reedrydfreondinnen ha de hannen ynien slein en wolle no op dizze wize wat weromdwaan foar harren freondinne.

Ald-reedrydsters organisearje feiling foar ûndersyk nei longkanker

Op de feiling wurde ûnder oare klean oanbean fan de reedrydsters en fan sportgenoaten. Ek hurdfytser Tom Dumoulin hat in shirt beskikber steld. Mar njonken sportguod binne der ek saken lykas in airconditioner te krijen.

De feiling is foar de reedrydfroulju wol emosjoneel, seit Wieteke Cramer. "Doe't Paulien noch libbe, hiene wy al it idee dat we wat dwaan woene mei al it guod dat we noch oerhiene. Dat komt dan no yn in oar deiljocht te stean."

De feiling begjint sneintejûn om healwei tsienen. Op dat selde momint moat Ireen Wüst oan de bak op it WK ôfstannen yn Salt Lake City. Wüst wie in hertsfreondinne fan Paulien van Deutekom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)