Byrollen foar Fryske reedrydsters op wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City

10 mrt 2019 - 01:05

De Fryske reedriders ha op de earste dei fan it lêste wrâldbekerwykein gjin haadrol ferfolje kinnen.

Reina Anema - Foto: www.orange-pictures.nl

Reina Anema waard alfde op de trije kilometer, yn in tiid fan 4.07.68. En op de tûzen meter einigen Ireen Wüst en Letitia de Jong as seisde (1.13.16) en sande (1.13.32).

Esmee Visser ried in nij Nederlânsk rekôr op de 3000 meter. Mei in tiid fan 3.54.02 dûkte se rom ûnder de âlde toptiid fan Renate Groenewold. Dy hie it rekôr al sûnt 2007 yn hannen. Martina Sáblíková ried in nij wrâldrekôr fan 3.52.02. Dêrmei einige as earste yn it kombinearre wrâldbekerklassemint fan de trije en fiif kilometer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)