LDODK wis fan play-offs om Nederlânsk kampioenskip nei lykspul tsjin PKC

10 mrt 2019 - 00:05

Yn in spektakulêr kuorbalduel hat LDODK mei 26-26 lykspile tsjin PKC út Papendrecht. By it skoft stie LDODK noch mei 12-16 achter. Troch it lykspul binne de Gordyksters no wis fan de play-offs om it Nederlânsk kampioenskip.

Foto: www.orange-pictures.nl

LDODK sette goed útein tsjin de Papendrechters. Fia 5-3 pakte de ploech fan Henk Jan Mulder healweis de earste helte in 10-8 foarsprong. Mar dêrnei naam PKC it heft yn hannen. Benammen Olav van Wijngaarden wie op dreef mei seis goals. Rêststân waard 12-16.

Yn de twadde helte tilde Richard Kunst, dy't ferline wike 18 kear skoarde tsjin KCC, it ferskil fuortdaliks nei fiif: 12-17.

Stadic oan koe LDODK tichterby krûpe. Marjolijn Kroon hie twa wedstriden mist fanwege in earûntstekking, mar liet sjen hoe wichtich se wêze kin. Yn de einfaze brocht se earst it ferskil werom fan fjouwer nei twa (21-23) en efkes letter nei 24-24.

Richard Kunst miste dêrnei syn tredde strafgoai, mar flak foar tiid like Van Wijngaarden dochs de winnende te meitsjen. It wie lykwols LDODK'er Tim Flokstra dy't mei syn iennige goal in swierbefochten punt út it fjoer sleepte.

LDODK wis fan play-offs om Nederlânsk kampioenskip nei lykspul tsjin PKC

Femke Faber fan LDODK is bliid mei de útslach. "Ik tink dat we mei it team hjoed wûn ha", sei se nei ôfrin. "We binne echt groeid de ôfrûne tiid. Dat kinst ek sjen oan de posysje dêr't we no steane. Ik tink dat LDODK no stiet op it plak dêr't we hearre."

Klassemint

Mei noch twa duels te gean stiet LDODK no op in tredde plak.

  1. TOP (Sassenheim) 16-29
  2. PKC (Papendrecht) 16-26
  3. LDODK 16-23
  4. Fortuna (Delft) 16-20
  5. KZ (Koog Zaandijk) 16-19

Om't it ûnderling resultaat tusken LDODK en KZ (winst en lykspul) yn it foardiel is fan De Gordyksters, is in plak by de earste fjouwer no wis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)