Fryske suksessen op muzykkonkoers yn De Lawei

09 mrt 2019 - 22:48

Brassband Excelsior út Ferwert hat de priis foar it bêste ynspylwurk behelle op it muzykkonkoers OMF. De brassband spilet ûnder lieding fan Gijs Heusinkveld. De Ferwerters einigen oer de hiele dei sjoen krekt net as heechste mei 92.75 fan de 100 punten.

Ynspylwurk brassband Excelsior Ferwert: I know thou art mine - Leonard Ballantine

Foto: Omrop Fryslân, Frederik Kampstra

De heechste skoare fan de dei wie foar Brassband Gloria Deï fan Gerkeskleaster. Dy behelle ûnder lieding fan dirigint Jaap Musschenga 93.08 punten.

Yn totaal diene 15 orkesten mei oan it muzykkonkoers, dat holden waard yn De Lawei yn Drachten. De trijekoppige sjuery wie net skoatich mei de punten. Seis orkesten ha de mooglikheid krigen om te promovearjen nei in hegere difyzje.

De komplete útslach is te finen op www.omfryslan.nl.

Foarsitter Johan Meesters fan de OMF mei de priisútrikking

By it konkoers wurde ek opnamen makke foar it Koperkanaal fan Omrop Fryslân. Dat is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband.

(Advertinsje)
(Advertinsje)