UNIS Flyers troch nei heale finale fan BeNeLeague nei winst yn Zoetermeer

09 mrt 2019 - 22:48

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne troch nei de heale finale fan de BeNeLeague. In einstân fan 4-2 tsjin de Zoetermeer Panters wie genôch foar de ploech út Hearrenfean.

Adam Bezak - Foto: www.orange-pictures.nl

Binnen twa minuten iepene Zoetermeer de skoare. It skot fan Erik Brand wie net ferwachte, mar it doelpunt telde likegoed. In kertier letter makke Adam Bezak de lykmakker foar Hearrenfean. De Flyers kamen better yn de wedstriid, mar it bleau dreech.

Yn de twadde perioade makke Ronald Wurm de 2-1 foar de Flyers. Zoetermeer kaam op likense hichte, troch in doelpunt fan Michiel van der Spek. It wie in doelpunt út in rebound. Noch foar it begjin fan de tredde perioade kamen de Friezen wer op foarsprong. De twadde goal fan Bezak sette de stân op 3-2.

De tredde perioade wie noch lang spannend, mar yn de lêste minút makke Tony Demelinne in ein oan de ûnwissens. Hy bepaalde de einstân op 4-2.

De striid om it plak yn de heale finale wie in 'best-of-three'. Wa't as earste twa wedstriden wûn, wie troch. De UNIS Flyers wûnen de earste wedstriid freed mei romme sifers. Yn eigen hûs waard it 10-0.

(Advertinsje)
(Advertinsje)