VC Snits wint belangrike wedstriid tsjin Eurosped út Vroomshoop

VC Snits hat yn de kampioenspûl mei 3-1 wûn fan Eurosped út Vroomshoop. De Snitsers starten goed oan de wedstriid en kamen op in 2-0 foarsprong, mar dochs waard it noch spannend.
© www.orange-pictures.nl
De froulju kamen yn de earste set sterk út de startblokken. It begjin gie gelyk op, mar Snits stie faak op foarsprong. Yn de slotfaze wie dat ek it gefal. Even like it mis te gean, mar de Snitsers pakten troch. Se wûnen de set mei 25-23.
De twadde set wie in kopy fan de earste. Sawat de hiele set wie de ploech fan coach Paul Oosterhof sterker, mar Eurosped wie noait fier fuort. Dizze set wie ek foar de Snitsers, mei 27-25.

Eurosped komt werom, mar Snits wint

De Twentse froulju lutsen yn de tredde set it inisjatyf nei har ta. De Snitsers hiene gjin antwurd en de set waard ferlern mei 20-25.
De fjirde set like ek de kant fan Eurosped op te gean. De Snitser froulju stiene lang op achterstân. Dochs hiene de se úteinlik it sterkste einskot. De fjirde set wûnen se mei 26-24. Sa gie de winst mei 3-1 nei de Snitsers.
Trainer Paul Oosterhof wie tige optein nei de wedstriid.
VC Snits wint belangrike wedstriid tsjin Eurosped út Vroomshoop
Roos van Wijnen spilet al jierren foar VC Snits. Neffens har binne it altyd spannende wedstriden tsjin Eurosped. "Nu hebben we eindelijk de drie punten in eigen huis kunnen houden. Dat voelt supergoed."
VC Snits wint belangrike wedstriid tsjin Eurosped út Vroomshoop
Troch de winst stiet VC Snits yn de kampioenspûl op it tredde plak, mei útsicht op mear. De nûmers ien en twa spylje úteinlik yn de finale tsjin mekoar.