Fryske basketballers ferslaan Feyenoord yn Rotterdam mei 57-103

09 mrt 2019 - 22:26

De Ljouwerter basketballers fan Aris ha yn Rotterdam mei grutte sifers wûn fan Feyenoord. It waard 57-103. Dat soe wolris de grutste útoerwinning ea wêze kinne.

Aris gong goed fan start yn Rotterdam. Nei it earste kwart stiene de Ljouwerters al mei 10-27 foar. De ploech koe de foarsprong beethâlde. Mei de rêst wie it 25-42. Nei it tredde kwart wie it 40-66. En de einstân wie 57-103.

Craig Osaikhwuwuomwan - Foto: Henk Jan Dijks
Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)