Michel Vlap sjit Hearrenfean nei de winst tsjin ADO Den Haag

09 mrt 2019 - 21:41

SC Hearrenfean hat de wedstriid tsjin ADO Den Haag wûn mei 3-2. De earste twa Fryske doelpunten waarden makke troch Michel Vlap fan Snits. It tredde doelpunt wie fan Sam Lammers.

Daniel Høegh - Foto: www.orange-pictures.nl

SC Hearrenfean begûn de wedstriid mei Ibrahim Dresivic as ferfanger fan de sike Kik Pierie. De Friezen wiene net skerp.

Al yn de earste minút kaam ADO Den Haag hast op foarsprong. In skot fan Lex Immers waard keard troch doelman Warner Hahn. De rebound koe troch Lucas Woudenberg fan de line helle wurde. ADO bleau de sterkere ploech. Daniel Høegh makke mei in sterk blok in skot fan Tomás Necid ûnskealik.

Hearrenfean like gjin antwurd te hawwen op it spul fan ADO, mar út it neat kaam de 1-0. Sam Lammers koe yn de 22ste minút de bal meijaan oan Michel Vlap. Dy skoarde syn 13e goal fan it seizoen.

Grutte kânsen yn de twadde helte

Yn it begjin fan de twadde helte wie Hearrenfean de sterkere ploech. Foaral Michel Vlap en Mitchell van Bergen krigen grutte kânsen op de 2-0.

Der't de Feansters net skoarden die Den Haag dat wol. In foarset fan de linkerkânt fan Abdelnasser El Khayati kaam terjochte op de holle fan Necid en syn kopbal wie te machtich foar Hahn: 1-1. Net folle letter skeat Necid noch in kear raak, mar dat wie yn bûtenspulposysje.

Spikerhurde rake frije traap Vlap

Nei in oertrêding fan Tom Beugelsdijk yn de 67e minút op Vlap krige Hearrenfean in frije traap. De Snitser gie sels efter de bal stean en skeat dy op fantastyske wize spikerhurd yn de goal.

Hektyske slotfaze

De wedstriid like yn 2-1 te einigjen. Dochs krigen de supporters noch in hektyske slotfaze te sjen. Earst wie it Lammers dy't nei moai tariedend wurk fan ynfaller Pelle van Amersfoort foar de 3-1 soarge, en dêrnei krige ADO noch in strafskop. Necid waard omfier lutsen. El Khayati naam de strafskop. Hy miste net.

Sa waarden de alderlêste minuten fan de wedstriid noch razend spannend. Mar Den Haag koe de lykmakker net mear meitsje. It bleau 3-2.

Troch de winst op Den Haag is it gat mei ADO no fiif punten.

ADO Den Haag - SC Hearrenfean (2-3) (0-1) 22. Michel Vlap 0-1, 63. Thomas Necid 1-1, 67. Michel Vlap 1-2, 90+2. Sam Lammers 1-3, 90+5. El Khayati 2-3

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Hornkamp (79/Schmidt), Dresevic, Høegh, Woudenberg; Kobayashi (73/Schaars), Rienstra, Vlap; Van Bergen (77/Van Amersfoort), Lammers, Johnsen

(advertinsje)
(advertinsje)