Lykspul yn lêste minút foar VV Bûtenpost tsjin SZVW

09 mrt 2019 - 21:21

Ek al kaam VV Bûtenpost twa kear op efterstân tsjin SZVW, de Friezen hat dochs in punt meinaam út Wierden. Tsjin de hikkesluter fan de haadklasse B wie it Rolf Dijk dy't yn de 90e minút de einstân fan 2-2 op it skoareboerd sette.

Rolf Dijk - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste helte kaam Bûtenpost mei 1-0 efter by de earste kâns fan SZVW. Mei in kopbal út in frije traap sette Frank Smit de rêststân op 1-0. Yn de 69ste minút makke Rob Dijkstra de lykmakker.

Dochs liken de punten yn Wierden te bliuwen neidat SZVW yn de 87ste minút opnij mei in kopbal wist te skoaren. Denis Sahbaz wie de doelpuntenmakker. Mar Bûtenpost sette noch ien kear oan en dat hie effekt. Rolf Dijk skoarde yn de lêste minút de 2-2.

VV Bûtenpost stiet nei it lykspul op it tolfde plak yn de haadklasse B.

Trefwurden: 
fuotbal VV Bûtenpost
(Advertinsje)
(Advertinsje)