Froulju Hearrenfean ûnderút yn kwarfinale fan KNVB-beker

09 mrt 2019 - 21:07

De froulju fan SC Hearrenfean geane net troch nei de heale finale fan de KNVB-beker. Se waarden útskeakele troch FC Twente, mei 2-1.

Suzanne Admiraal fan SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste helte bleaun it 0-0. Pas yn de twadde helte kaam Twente op foarsprong. Troch in flater fan Devi Venema, yn de 53'ste minút fan de wedstriid, koe Joëlle Smits skoare foar Twente.

Suzanne Admiraal makke nei 74 minuten de lykmakker. Mar yn de slotfaze kaam Twente Hearrenfean foarby. Jassina Blom sette de einstân op 2-1.

Oanfierder Laura Strik fan Hearrenfean baalde derfan. Op basis fan it spul hiene de Friezen winne moatten, sei se. "Iedereen heeft keihard gewerkt. Ik heb geen idee waar het aan ligt."

"In de eerste helft waren wij de betere ploeg", seit Strik. "We hebben niets weggegeven. Na een individueel foutje in de tweede helft kakt het in, maar we komen terug. En dan krijgen we zo'n goal tegen. Dat is balen, echt. Enorm."

(Advertinsje)
(Advertinsje)