FIDEO: Sa hellet in grutte kraan de wrakstikken fan in wynmûne fan in stâl ôf

It is noch hieltyd net dúdlik wat der misgong is yn Kleaster-Lidlum. In wynmûne bedarre dêr op it dak fan in stâl. Dy rekke bot skansearre. Foar it opromjen fan de wynmûne wie sneon in grutte kraan nedich.
Wynmûne op stâl yn Kleaster-Lidlum
It liket derop dat der net ien ferwûne rekke is, doe't de wynmûne op de stâl telâne kaam, mar dat is net hielendal dúdlik. De helptsjinsten binne net oproppen.
De stâl stiet oan de Mûntsewei yn Kleaster-Lidlum. Dat is in doarpke noardlik fan Frjentsjer.
© CAMJO Media
In ferslachjouwer fan Omrop Fryslân dy't yn Kleaster-Lidlum wie, om út te finen wat der krekt oan de hân wie, waard fuortstjoerd troch in man op it hiem fan de boer by wa't de wynmûne op de stâl bedarre. De ferslachjouwer omskreau de man as 'agressyf'.
De boer wie net berikber foar kommentaar.
Der stie sneon in behoarlik stevige wyn. It KNMI hie koade giel ôfjûn fanwege wynstjitten oant 90 kilometer yn de oere. It is net dúdlik oft de hurde wyn wat te krijen hat mei it omfallen fan de wynmûne.