Breeuwsma en De Laat bale nei relay: "B-finale seit my net safolle"

09 mrt 2019 - 20:11

De teloarstelling wie fan de gesichten ôf te lêzen by Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat, nei de twadde dei fan it wrâldkampioenskip shorttrack. Se pleatsten har mei de ôflossingsploech net foar de A-finale. Snein stride se dus net om de medaljes.

Itzhak de Laat - Foto: www.orange-pictures.nl

De mannen fan de ôflossingsploech ha har net pleatst foar de A-finale. Snein stride se dus net om de medaljes.

Nederlân kaam as tredde oer de streek, efter Ruslân en Súd-Koreä. It skeelde mar in pear sintimeter, yn it neidiel fan de Nederlanners.

Breeuwsma baalt der fan. "Ik tink dat we supergoed riden ha, mar dêr ha we net safolle oan. Je moatte wat ekstra's dwaan yn dy lêste twa rondes, en dat slagget noch net hielendal mei Itzhak"

Breeuwsma nei twadde dei WK

Breeuwsma sjocht ek kritysk nei syn eigen rol. Neffens him wie de lêste wiksel, wêrby't er De Laat lansearje moast, net goed. "Ik moast krekt wat tefolle nei him ta springe yn plak fan dat ik him drukke kin. Dat binne fan dy finesses dy't goed gean moatte om troch te gean."

Daan Breeuwsma triuwt Itzhak de Laat by de ôflossing - Foto: Orange Pictures

Wat oerbliuwt, is in B-finale. In striid om de fiifde plak. "Dy B-finale seit my net safolle", seit Breeuwsma.

"Earlik sein ynteressearret it my net oft we dêr winne of ferlieze. Dêr kom ik hjir net foar." Breeuwsma fynt it dreech om him op te laden foar de B-finale. "Mar dat is miskien foar dy oare jongens wat oars as foar my."

"We komme foar de medaljes. Prima hear, sa'n B-finale. Mar dat seit my net safolle."

Itzhak de Laat fynt penalty terjochte

De Laat moast ek yndividueel ride sneon. Op de 500 meter helle hy de B-finale. Yn de heale finale fan de 1500 meter krige er in penalty.

"Op de 1500 meter was het alles of niets. Uiteindelijk is de penalty wel terecht. Ik moet tweede worden en anders moet ik een B-finale rijden. Daar heb ik gewoon geen zin in."

"Het kon eigenlijk niet, maar het is de laatste bocht, op een WK, dan ga je er gewoon voor."

De Laat nei twadde dei

Oer de 500 meter wie De Laat wol 'tevreden', mar de relay einige ek yn in teloarstelling foar De Laat en syn ploechgenoaten.

Yn de lêste bocht waard Nederlân ynhelle troch Ruslân, wylst Súd-Koreä al foar lei. It tredde plak is it gefolch.

"Dit neem ik mezelf kwalijk"

"De Koreanen hielden heel erg in om ons een hak te zetten. Dat hebben ze goed gedaan. Ik kies ervoor om buitenom te gaan en die Russen gingen heel slim naar binnen. Ik had krap moeten rijden en dat neem mezelf kwalijk."

Snein sjogge we Nederlân net werom yn de A-finale. Dat komt hurd oan, seit De Laat.

"De A-finale is het enige waarvoor we hier zijn. We horen er gewoon thuis. En als je dan op een centimetertje verliest is het super lullig. Dan moet je weer een B-finale rijden."

"Heel zuur. Helaas."

(Advertinsje)
(Advertinsje)