Dieven pakt op Skylge

02 jul 2012 - 10:04

Twa manlju (21) út Apeldoorn binne sneintemoarn oanhâlden foar stellerij op in camping yn Formearum op Skylge. Foar't se mei de auto de boat op ride soene, koe de plysje se oanhâlde. De campingeigener melde him sneintemoarn mei trije jonge kampearders by de plysje, om't sy sjoen hiene dat de fertochten telefoans en beurzen út har tinte fuortnamen.

De dieven hiene in plestik pûde fol telefoans by har, werûnder dy fan ien fan de kampinggasten. Ek hiene se 22 pûdsjes hasj by har, kontant jild en in buske triengas.

Trefwurden: 
Skylge plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)