Stoarm bringt aaisikerswaar: alwer twa earste aaien op rûzige dei

09 mrt 2019 - 19:56

Nei de fynst fan it earste ljipaai fan Fryslân bleaun it in wike lang stil yn de Fryske greiden, mar it liket derop dat aaisikersseizoen no definityf los is. Sneon binne yn twa gemeenten earste ljipaaien fûn.

Eduard van der Hoek fûn it earste ljipaai - Foto: ANP

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân fûnen de broers Tseard en Gerben de Hoop in ljipaai, yn de omkriten fan Aldegea, op in lytse 100 meter fan de dyk ôf. Dat meldt it fûgelwachtersbûn BFVW. It frije fjild yn Súdwest-Fryslân is ticht.

It earste ljipaai fan de gemeente Tytsjerksteradiel lei yn de omkriten fan Suwâld. Wiebe Kaspersma en Age Hulder ha it fûn. Se komme beide uit Burgum.

Freed waarden der ek al fjouwer earste aaien fûn, yn de gemeenten De Fryske Marren, Weststellingwerf, Opsterlân en It Amelân. It earste aai fan Fryslân wie dit jier ek it earste fan Nederlân. It lei by Vegelingsoord.

Trefwurden: 
BFVW ljip aaisykje
(Advertinsje)
(Advertinsje)