Hûndert minsken demonstrearje yn Ljouwert tsjin 'taaldiskriminaasje'

Hûndert minsken ha sneon yn it sintrum fan Ljouwert demonstrearre foar Frysk ûnderwiis op alle basisskoallen. Se wolle dat der in ein komt oan it grutte tal ûntheffings.
Hûndert minsken demonstreare yn Ljouwert tsjin 'taaldiskriminaasje'
De demonstraasje is organisearre troch de aksjegroep Sis Tsiis. Der wiene ek minsken fan de politike partijen CDA, ChristenUnie, FNP, GrienLinks en PvdA. Dy partijen diele de soarch fan Sistsiis. "As myn bern whatsappe, freegje se oan my hoe't se guon wurden staverje moatte", seit steatelid Rendert Algra fan it CDA. De kristendemokraten wolle yn de kommende perioade regelje dat alle basisskoalledosinten it foech Frysk helje, sadat it folle makliker wurdt om goed Frysk te jaan op skoalle.
Piter Dykstra © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Kandidaat-steatelid Sijbe Knol (FNP) fynt dat er sels 'fierstente min' Frysk op skoalle hân hat. "It skriuwen haw ik mysels oanleare moatten. Om my hinne praat eltsenien Frysk. It is net altiten likegoed, mar dêr kinne se sels ek net folle oan dwaan."
De FNP'er wol 'mear ambysje' as it goed om Frysk op skoalle. Frysk op skoalle moat folle earder foarinoar wêze as yn 2030, it jiertal dat ryk en provinsje ôfpraat hawwe. "Dêr moatte we it wol even oer hawwe by de kolleezje-ûnderhannelings."
FNP'er Sijbe Knol wol it Frysk "út de 'fun-hoeke' helje". Hy fynt it Frysk "folle mear as wille; it is in serieuze saak en sa moatte we der ek mei omgean." Wat him oanbelanget jildt foar it Biltsk itselde.
Demonstraasje Sis Tsiis
Wurdfierder Piter Dykstra fan aksjegroep Sis Tsiis neamt it ûntbrekken fan goed Frysk op in soad skoallen 'taaldiskriminaasje'. "It kin net sa wêze dat Friezen analfabeet binne yn eigen taal." Dykstra wie 'net ûntefreden' oer it ferrin fan de demonstraasje. "De opkomst hie heger kinnen, mar it waar wie min." Sis Tsiis sil de politike partijen de kommende tiid kritysk folgjen bliuwe, sa seit Dykstra.
"It moat better"
Deputearre Sietske Poepjes joech yn har taspraak ta dat it ûnderwiis yn it Frysk 'better kin en better moat'. "Mar dêr binne wy al folop mei oan de gong."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Harkje nei basisskoallelearling Nynke, Rendert Algra en Sijbe Knol