Trochriden nei botsing

02 jul 2012 - 09:59

In automobilist (50) út Ternaard is snein oanhâlden om't er fertocht wurdt fan it trochriden nei in ûngelok en it riden mei drank op. De man wie earder dy middei op de Stasjonswei yn Hantum mei de auto tsjin in oare auto riden en dêrnei trochriden. Tsjûgen joegen it kenteken troch oan de plysje. De plysje hat him thús oanhâlden. Hy hie yndie dronken.

De man krige in rydferbod, in proses-ferbaal en syn rydbewiis is ynnaam.

Trefwurden: 
plysje botsing
(advertinsje)