Schulting hâldt hoop op wrâldtitel: "Het toernooi is nog helemaal open"

09 mrt 2019 - 18:53

Nettsjinsteande in minne start hâldt shorttrackster Suzanne Schulting hoop op de wrâldtitel. "Ik ben blij dat ik een goede 500 meter heb gereden. Daardoor ligt het toernooi nog helemaal open."

Foto: www.orange-pictures.nl

Snein binne de 1000 meter en de 3000 meter. Dan wurdt beslist wa't de wrâldkampioen wurdt.

It wie foar Schulting in dei fan 'mixed feelings'. "Ja, dat vat de dag wel het beste samen. Die 1500 was waardeloos en de 500 een stuk beter."

"Waardeloze beslissing" fan de skiedsrjochter

Schulting krige op de 1500 meter een penalty. Neffens de skiedsrjochter wykte se fan har line ôf. "Een waardeloze beslissing. Maar je kunt er niks aan doen. Die Francaise kwam binnendoor en raakt mij. Niet andersom."

Schulting nei twadde dei WK

Schulting moast it yn de kwartfinale fan de 500 meter opnimme tsjin fjouwer toppers. En se hie de minste startposysje. "Die kwartfinale was echt top. Toen liet ik het zien. De halve finale was ook lekker. Tijdens de finale reed ik helaas technisch gezien een slecht rit. Dat was jammer."

Schulting seach hoe't har teamgenoate Lara van Ruijven wrâldkampioene waard. Sels waard se tredde.

Se stiet no fiifde yn it klassemint. "Choi lijkt mij mijn grootste concurrent. En Kim Boutin. Choi rijdt erg sterk, veel sterker dan aan het begin van het seizoen."

Rianne de Vries is "hiel bliid"

Rianne de Vries wie bliid nei de twadde dei fan it wrâldkampioenskip. "Ja, eigenlijk wol. Nei dy 500 wie ik al hiel bliid en nei de relay hielendal."

De Vries nei twadde dei WK

De Vries waard twadde yn de B-finale. "De 500's wiene dit seizoen eins hielendal net sa. Troch myn ankelbreuk is de start wat minder wurden, mar no wie dy wer hiel goed."

Oft se de superfinale noch hellet? "Dat soe kinne, mar it wurdt wol hiel lêstich mei al dy konkurrinten."

Op de relay wiene de Nederlânske froulju oppermachtich. "De tsjinstânners foelen my ek wol wat ôf. Mar it seit ek wat oer hoe goed wy binne. It is echt bizar dat we mei sa'n grut gat oer de finish komme."

Snein is de finale wêryn't Nederlân it opnimt tsjin Súd-Koreä, Ruslân en Kanada.

(Advertinsje)
(Advertinsje)