Caravan waait achter auto wei op N32 by Wurdum

09 mrt 2019 - 18:02

Op de N32 by Wurdum is in caravan yn de berm bedarre. It liket derop dat de karre achter in auto wei blaasd is. Op foto's is te sjen dat it boppeste part fan de caravan net mear op it ûnderstel stiet.

Foto: AS Media

Hurde wyn soe de oarsaak fan it ûngelok wêze. It KNMI hat yn Fryslân koade giel ôfjûn fanwege wynstjitten oant 90 kilometer yn de oere.

De plysje hat sneontemiddei ien rydbaan ôfsletten foar it oare ferkear. In berger hat de caravan oprommen.

Trefwurden: 
ûngelok hurde wyn N32
(Advertinsje)
(Advertinsje)