Shorttracksters troch nei relayfinale op wrâldkampioenskip

09 mrt 2019 - 17:26

De Nederlânske shorttrackfroulju ha har pleatst foar de finale fan de relay op it wrâldkampioenskip yn Bulgarije. De mannen komme út yn de B-finale.

Foto: www.orange-pictures.nl

Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven namen yn de earste heale finale al gau de lieding. Sa bleaunen se út de problemen.

Achter de Nederlânske froulju ried Italië Kanada fan it iis. Dat smiet se in diskwalifikaasje op. Nederlân nimt it snein yn de finale op tsjin Kanada, Ruslân en Súd-Koreä.

Mannen nei de B-finale

Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dylan Hoogerwerf en Dennis Visser striden yn de heale finale mei Ruslân om it twadde plak, achter Súd-Koreä.

It wie in fotofinish. Op de meet kaam Nederlân krekt te koart foar in finaleplak. Achter in Rus en in Súd-Koreaan waard slotrider De Laat tredde.

Trefwurden: 
WK shorttrack relay
(Advertinsje)
(Advertinsje)