Skiedsrjochter stjoert trainer fan Harkemase Boys fuort nei beslissend doelpunt

09 mrt 2019 - 17:11

De fuotballers fan de Harkemase Boys ha mei 2-1 ferlern fan koprinner Noordwijk. En yn it lêste healoere fan de wedstriid stjoerde de skiedsrjochter trainer Tieme Klompe nei de tribune.

Foto: www.orange-pictures.nl

Noordwijk kaam al gau op foarsprong, troch in penalty yn de njoggende minút. Thomas Reynaers iepene de skoare. Yn de twadde helte kamen de Harkiten op likense hichte, ek troch in penalty. Jesse Renken sette de stân op 1-1.

Yn de 63ste minút makke Nick van Staveren de 2-1 foar Noordwijk. De technyske stêf fan de Harkemase Boys wie dêr razend oer. Der soe treaun wêze. De skiedsrjochter toande gjin reade kaart, mar stjoerde trainer Tieme Klompe wol nei de tribune.

Oan de útslach is it net te sjen, mar it wie ien fan de bêste wedstriden dy't de Harkiten dit seizoen spile ha. It ferlies betsjut dat se sakje yn it klassemint. Se stiene op in seisde plak.

De Harkemase Boys kinne gjin kampioen mear wurde, en se lykje feilich foar degradaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)