Wynmûne falt op stâl fan feehâlder yn Kleaster-Lidlum

09 mrt 2019 - 15:18

In wynmûne fan sa'n 30 meter heech is op in stâl fallen fan in boer yn it doarp Kleaster-Lidlum. Dat leit tusken Seisbierrum en Tsjummearum. It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne.

De helptsjinsten soene net warskôge wêze. In plysjewurdfierder kin gjin ynformaasje jaan. De brânwacht is net oproppen.

It is net dúdlik oft der fee yn de stâl oanwêzich wie.

Der stie sneon in behoarlik stevige wyn. It KNMI hat koade giel ôfjûn fanwege wynstjitten oant 90 kilometer yn de oere. It is net dúdlik oft de hurde wyn wat te krijen hat mei it omfallen fan de wynmûne.

(advertinsje)
(advertinsje)