Drama op twadde dei WK shorttrack: Schulting en De Laat útskeakele yn heale finale 1500 meter

09 mrt 2019 - 14:31

De twadde dei fan it wrâldkampioenskip shorttrack yn Sofia is dramatysk begûn foar de Fryske shorttrackers. Suzanne Schulting en Itzhak de Laat waarden útskeakele yn de heale finale fan de 1500 meter.

Foto: www.orangepictures.nl

Schulting kaam yn de tredde rit yn aksje. Ien fan de oare titelfavoriten, Elise Christie, wie doe al útskeakele op dizze ôfstân fanwege in penalty om't se in triuw joech. Ek Schulting krige in penalty om't se fan har line ôf gie neffens de fideoskiedsrjochter. Foar it klassemint is de 500 meter foar har no krúsjaal, om't se gjin punten op de 1500 meter pakt.

Ek foar De Laat wie de heale finale it einstasjon. Hy krige in straf, om't er yn de lêste bocht fan syn line ôfgie. De Ljouwerter wist noch as twadde te finishen, mar dat wie dus neat mear wurdich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)