Moasje PvdA tsjin smoargens
De fraksje fan de PvdA yn de gemeenteried fan Ljouwert fynt dat de gemeente mear dwaan moat tsjin smoargens yn de stêd. De partij krijt dêr geregeld klachten oer. It giet om ôffalpûden dy't neist de ûndergrûnse kontainer set wurde, grousmoargens dat samar bûten set wurdt en ôffal dat yn parken achterlitten wurdt.
De PvdA tsjinnet der moandeitejûn yn de riedskommisje in moasje yn oer de kwestje. De partij freget om in mjitbere ambysje en konkrete maatregels om dy ek te heljen.