Hûs PVV-Fryslân foaroanman Aardema bekladde
It hûs fan PVV-listlûker Max Aardema út Drachten is freedtejûn bekladde. Unbekenden ha mei giele farve twa teksten op de muorre efterlitten: 'PVV weg ermee' en 'Stap op fascist'. It is al de twadde bekladding fan in hûs fan in Fryske PVV'er dizze wike.
De plysje ûntduts it bekladden freedtejûn. Se warskôgen Aardema dy't op dat stuit thús wie. De listlûker fynt it hiel ferfelend: "Se moatte fan myn spullen ôfbliuwe. Ast it net mei my iens bist, doch it dan op in oare wize. Ik wol it debat altyd wol oangean."
Aardema fielt him net yntimidearre: "Ik ha 35 jier by de plysje west en ha echt wol hjittere fjoeren stien." Dochs fernimt hy al dat der binnen syn fraksje ûnrêst is. "Ja, ik ha fraksjemeiwurkers dy't har earnstich soargen meitsje. Fjouwer jier lyn barde it ek al. En no dus wer."
Net it earste hûs
Earder dizze wike waard it hûs fan PVV-Steatelid Harrie Graansma yn Boelensloane bekladde. Dêr wie in boadskip rjochte oan Graansma en syn soan Jeffrey, dy't ek op de list stiet foar de PVV foar de kommende ferkiezingen.
PVV-lieder Geert Wilders is poer, sa lit hy witte op Twitter: "Alweer huis PVV kandidaat beklad. Deze keer in Friesland. Het zal ons niet stoppen maar is echt totaal onacceptabel en verwerpelijk!"
It is net dúdlik wa't efter de aksje sit.