Crash makket ein oan WK foar fjouwermansbob mei Dennis Veenker

09 mrt 2019 - 12:41

It WK bobslydzjen is oer foar Dennis Veenker en konsorten. Yn it Kanadeeske Whistler giene de manlju ûnderút mei de fjouwermansbob yn de earste run.

Foto: Viesturs Lācis | IBSF

Yn de twadde run binne de bobsliders net mear fan start gien, omdat piloat Ivo de Bruin blessearre rekke by de crash. Ek snein sille se net oan de start ferskine.

De Bruin rûn in djippe sneed yn ien fan syn knibbels op. Veenker hat gjin fysike problemen oprûn.

Yn it filmke hjirûnder is de ûnfertúnlike earste run fan de fjouwermansbob yn Whistler te sjen:

Earder dizze wike hope Veenker yn Whistler noch yn de top 10 fan it WK te einigjen. De bobbaan yn Kanada is de fluchste fan de wrâld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)