LIVEBLOG: WK shorttrack dei 2

09 mrt 2019 - 13:10

De twadde dei fan it wrâldkampioenskip shorttrack belooft foar in soad spektakel te soargjen. Op de 500 en de 1500 meter wurdt der striden om de wrâldtitels en de manljus- en de frouljusploech rydt de heale finale fan de relay. Set Suzanne Schulting sneon in grutte stap nei de wrâldtitel? En kinne Itzhak de Laat en Rianne de Vries miskien ferrasse? Folgje it yn dit liveblog.

16:57
Twadde dei fan it WK is dien

Mei de heale finales fan de ôflossing sit de twadde dei fan it wrâldkampioenskip shorttrack der op. Dêrmei hâldt ek dit liveblog op. Ynterfiews mei de Fryske shorttrackers binne aansen te finen op ús webside. Moarn is de tredde en lêste dei fan it WK en ek dan is der wer in liveblog, fan 12 oere ôf. Graach oant moarn!

16:55
Gjin A-finale foar manlju

In grutte tsjinfaller foar de Nederlânske manlju. Se einigje as tredde yn de heale finale fan de ôflossing en ride dêrtroch gjin A-finale. It missen fan Sjinkie Knegt lit him fiele.

16:45
Nederlânske ôflossingsploech nei A-finale

De Nederlânske froulju helje hiel maklik de A-finale fan de relay. Yn de heale finale mei Kanada, Italië en Bulgarije wurdt Nederlân mei oermacht earste. Dat betsjut dat se sneintemiddei striden gean om de wrâldtitel. Kinne de manlju dit keunstje fan de froulju neidwaan?

16:18
Aansen noch de heale finales fan de relay

Oer tsien minuten sette de heale finales útein by de ôflossing. De Nederlânske froulju, mei Suzanne Schulting en Rianne de Vries, hawwe aardich lotten. Se ride tsjin Italië, Bulgarije en Kanada.

16:10
It momint fan de 500 meter wêrtroch Schulting brûns pakt
De triuw fan Martina Valcepina oan Lara van Ruijven - Foto: Orange Pictures
16:03
De Laat fjirde yn B-finale

Itzhak de Laat kin yn de B-finale fan de 500 meter gjin rol fan betsjutting spylje. Hy einiget as fjirde en lêste en pakt dêrmei mar ien punt foar it algemien klassemint.

15:59
Brûns foar Schulting, Van Ruijven wrâldkampioen

Suzanne Schulting wurdt tredde op de 500 meter! In oare Nederlânske, Lara van Ruijven, pakt it goud! In bizar einde fan de wedstriid lei oan de basis fan de útslach. De Italiaanske Martina Valcepina komt as earste oer de finish, mar hinderet Van Ruijven en krijt dêrfoar in penalty. Dêrtroch skoot Schulting, dy't eins fjirde waard, troch nei it tredde plak.

Utslach A-finale 500 meter:

1. Lara van Ruijven

2. Kexin Fan

3. Suzanne Schulting

4. Martina Valcepina

15:54
Pakt Schulting in medalje?

No komt Suzanne Schulting op it iis. Pakt se in medalje en sa ja, hokker kleur? Spannend.....

15:52
De Vries twadde yn B-finale

Rianne de Vries wurdt twadde yn de B-finale. Dêrmei pakt se trije punten foar it klassemint. Se profitearret fan in ynhelaksje fan de Sineeske Qu op Christie. Dy mislearret en dêrtroch kin De Vries opskowe nei twa.

15:44
Rianne de Vries ûnder de 500 meter - Foto: Orange Pictures
(Advertinsje)
(Advertinsje)