Hout op 'e dyk soarget foar opûnthâld op A7 by Drachten

09 mrt 2019 - 11:51

Hout hat sneontemoarn foar in lytse file soarge op de A7 by Drachten, yn de rjochting fan It Hearrenfean. It hout wie fan in auto fallen en op de dyk bedarre. It lei ferspraat oer hast 200 meter. Mei in feimasine is it opromme. Rykswettersteat hat dêrfoar in rydstrook in skoftke ôfsletten.

Foto: Srfotografie

It is net bekend oft der ek auto's skansearre rekke binne troch it hout.

Trefwurden: 
A7 file hout
(advertinsje)
(advertinsje)