Max Aardema: "Wy wolle dat it lûd fan de PVV lûder wurdt"

Se komme der oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Sneon is Max Aardema, PVV-listlûker, oan bar.
Max Aardema © PVV
Namme: Max Aardema
Leeftiid: 56
Wenplak: Drachten
Berop: politikus
Hobby: modeltreinen
Partij: PVV
Lid sûnt: belutsen sûnt 2010
Besjoch it partijprogramma fan de PVV
Sizze wy 'do' of 'jo'?
"Do, al begjin ik meastentiids fatsoenlik mei 'jo'."
Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?
"Om't de fraksje my keazen hat, om't ik graach it lûd fan de PVV fertolkje wol en om't ik helder en kompakt fertelle kin wat ús boadskip is. Sjoch ek ús Facebookside."
Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?
"Geert Wilders, om't hy helder en konsistint it PVV gedachtegoed foar it ljocht bringt en om't hy nettsjinsteande de befeiligingsbeheiningen dochs trochgiet."
Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?
"Tsjinhâlden en demjen fan de ûnsinnige en brândjoere enerzjytransysje/klimaathystery. Der is fansels mear, mar hjir soe de provinsje wat mei kinne."
Ik wol graach it lûd fan de PVV fertolkje.
Max Aardema fan de PVV
Wat fynsto fan de stelling: De provinsje kin as bestjoerslaach wol ôfskaft wurde?
"De bestjoerslaach kin wol folle minder en op termyn ôfskaft wurde. De provinsje op harsels bliuwt fansels altyd Fryslân. Wy binne foar in lytser bestjoer en minder regels."
Hoe wol dyn partij de Friezen better/mear belûke by de provinsjale polityk?
"Lit as kiezer dyn miening witte, gean nei de stimbus. Meld dy oan by ús en praat mei. In soad dogge dit al en fernimme dat we as PVV hiel tagonklik binne. Wy binne de iennige partij dy't echt lústeret nei de boarger en ûndernimmer. Wy wolle graach noch mear lûden út de mienskip hearre en besykje dêr wat mei te dwaan.
Telefyzjeprogramma's lykas Zondag met Lubach en De wereld draait door geane regelmjittich oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?
"Wy kinne dêr net in protte oan dwaan. De media negearje ús ek faak. We dogge kampanje op eigen krêft. Op social media en mei kampanjefilmkes.
Ik hâld fan snert mei Frysk roggebrea mei spek.
Max Aardema fan de PVV
Fertel ris wat oer dysels dat net ien wit.
"Dat neamst in geheim. Ik bin net fan de geheimen, mar krekt hiel iepen. Se meie my alles freegje. Miskien is it leuk om te melden dat ik yn myn sunige frije tiid mei modeltreinen oan de gong bin."
Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy nachts wekker meitsje?
"Ik wurd nachts net graach wekker makke, mar ik hâld fan snert mei Frysk roggebrea mei spek. Ek hâld ik fan bearenburch mei kola-zero."
Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?
"Gean yn elk gefal stimme, en fansels op de PVV. Wy wolle Rutte fuort hawwe. Provinsjale Steaten kieze de Earste Keamer. Je hawwe dus no echt ynfloed op de Haachske polityk troch te soargjen dat dit kabinet har lytse mearderheid kwytrekket. Wy wolle dat it PVV-lûd lûder wurdt."
Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.