Op houtsjes sprinte yn Elfstedenhal: "Ik snap net dat ik der eartiids sa hurd op ride koe"

09 mrt 2019 - 10:38

Reedriders út ûnder oare Kazachstan, Japan en Kanada dogge dit wykein mei oan de wrâldkampioenskippen sprint foar 30 jier en âlder. Yn de Elfstedenhal yn Ljouwert sille de 500 en 1000 meter riden wurde troch 220 wedstriidreedriders út 14 lannen. Ek in pear riders fan boppe de 90 jier âld dogge mei oan dizze Masters' Sprint Games.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Johanna Brinkman prate mei taskôgers en âld-sprinters Pieter Bult en Lieuwe de Boer

It spektakel is freedtejûn iepene mei in tradisjonele spekriderij. Koartebaancracks fan eartiids, sa as Jan Ykema, Piet de Boer, Pieter Bult en Lieuwe de Boer, giene de striid mei-inoar oan op houtsjes en yn in âlderwetske lange ûnderbroek!

Mear as 30 houtsjes

Lieuwe de Boer hat thús wol mear as 30 houtsjes bewarre. Hy hat se eartiids wûn en kin der gjin ôfskied fan nimme. No komme se wer even fan pas, mar it is wol wennen. "As ik der no sa op rydt, snap ik net dat ik der eartiids sa hurd op koe", seit De Boer. Ek Pieter Bult moast der oan wenne, mar beide manlju fûnen it machtich om wer âlderwetsk tsjin inoar te striden. "Ik koe nea fan Lieuwe winne. Al siet ik der altyd tichteby", seit Bult.

Gjin spek mar rollade

De namme spekriderij docht noch tinken oan de tiid dat der spek wûn waard mei de sprints. Letter feroare dat yn rollade, want dêr siet mear smaak oan. De reedriders dogge it no foar de eare en dat is neffens De Boer mar goed ek. "We ha no sels al genôch spek om it liif."

(advertinsje)
(advertinsje)