Omrop TIP: Wat is de oplossing foar de sakjende feangrûn?

09 mrt 2019 - 09:11

Al tsientallen jierren hat it feangreidegebiet yn Fryslân te krijen mei ien à twa sintimeter boaiemdelgong yn it jier. Dy delgong yn 'it lege midden' fan Fryslân is it gefolch fan in djipûntwetteringsbelied. Kin dat, yn in lân dat foar de helte ûnder seepeil leit, noch langer sa trochgean?

Foto: Erik Bijma

Yn de Fryslân DOK dokumintêre 'Fean' wurdt yn twa dielen sjoen nei de problematyk fan it drûge feangebiet en mooglike oplossingen hjirfoar. Sa komme dichter Jan Kleefstra en lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter oan it wurd oer de gefolgen en de mooglike oplossingen foar it yngripende en maatskiplike fean-fraachstik.

De konsekwinsjes fan it drûge fean binne ek Ko van den Brink en Marten Dijkstra pynlik dúdlik wurden. Tolve jier lyn stoarte Ko syn hûs yn Ychten hast yn troch pealrot. Oarsaak: djipûntwettering yn it ramt fan de lânbou yn de omkriten fan Ychten. Progressive boer Marten Dijkstra fan Aldeboarn moat hiel wat ûndernimme om te buorkjen op syn sakjende feangrûn.

De Fryslân DOK dokumintêre 'Fean' is yn twa dielen op snein 10 en 17 maart fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

(advertinsje)