Kollum: "Michael Jackson syn ‘legacy’"

09 mrt 2019 - 08:36

"De namme fan Michael Jackson sille de measten fan jim wol kenne. Grutte kâns dat ek syn muzyk by jim wol bekend is. Syn album Thriller is ien fan de meast ferkochte platen fan alle tiden en miskien binne ûnder jim ek wol guon dy't stikem op jim keammerke syn ferneamde 'moonwalk' wolris besocht ha. Foarút rinne wylst it liket dat je achterút rinne.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Michael Jackson wie as lytse jonge al foarprogrammearre om superstjer te wurden. Earst mei syn famylje yn de Jackson Five, mar syn echte gloarjetiid kaam pas doe't er solo gie. In libben sûnder echte bernetiid, want syn drammerige heit hie oare plannen mei him. As lytse Michael de echte wrâld ûntdekke, hearde dêr net by.

Der moast jild binnenharke wurde. En dat die Michael Jackson. Bakken fol mei jild. Hy spile yn 1993 ien fan de meast spektakulêre Half Time shows yn de pauze fan de Super Bowl, dêr't er earst hast in minút as in stânbyld op it poadium stie. Ien minút stilte yn de djoerste tv-produksje fan it jier, soks hie noch nimmen dien en hat nei dy tiid ek nimmen wer oandoard.

In jeugd sûnder lyts te wêzen, dat docht wat mei in minske. Michael Jackson kocht fan al dat jild in grut hûs mei in noch grutter stik grûn en neamde it de Neverland Valley Ranch. It stiet no bekend as de Sycamore Valley Ranch. It like of woe er syn jeugd, dy't er net hân hie, weromkeapje mei dit mearke-eftige bûten fan 1200 bunder grut. Hy klaaide it oan mei in bistetún, in bioskoop en der kaam in eigen spoarline.

Hy libbe yn in folslein eigen wrâld. Stadich kamen berjochten nei bûten oer dat der ek bern op de ranch útfanhûs wienen. Op útnûging fan de baas. Je koenen der op wachtsje yn de Amerikaanske claimkultuer, dit wie in boarne foar oanklachten. Dy kamen der dus ek. Jackson joech ta dat er wolris mei in oantal bern yn deselde keamer slept hie, mar ûntkende dat er mei de hannen oan harren sitten hie.

No is der de dokumintêre Leaving Neverland. Mei in soad bombaarje oankundige en by de VPRO te sjen. Hy is ek al fertoand op HBO. Twa mannen, Wade Robson en James Safechuck, fertelle yn fjouwer oeren hoe't se troch de superstjer misbrûkt wêze soenen. Wêze soenen, want Jackson is nea feroardiele en sels frijsprutsen fan alle oanklachten.

Ek is der yn dizze reportaazje gjin sprake fan 'wederhoor'. Wa't gelyk hat, bliuwt dus yn it midden. It bewiis dat Michael Jackson pedofyl wie, is juridysk nea levere. Dochs hat de briljante musikus, want dat wie er, alle skyn tsjin. De eksplisite beskriuwingen fan it misbrûk sil ik jim op dizze iere sneontemoarn besparje, mar it liicht der net om.

No is de fraach, wat moatte we hjirmei? In kompleet ûnbekende Nederlânske radiostjoerder skraste alle Jackson-nûmers fan de playlist en dat helle de kranten. It liket op in heksejacht wêryn't de útkomst fan it proses yn it foar al útsprutsen is. Michael Jackson is sa skuldich as skuldich wêze kin. Smyt der noch in bak social media ellende achteroan en de man is kompleet kânsleas. Boppedat kin er him net mear ferwarre, want hy is dea.

It is in duvelsk dilemma. Sis no sels, stel dat bekend wurde soe dat Rembrandt van Rijn it mei lytse bern oanlein hie, soenen se dan no noch fanwege de publike opiny de Nachtwacht út it Rijksmuseum helje? Ik betwivelje it."

(Advertinsje)
(Advertinsje)