Drachtster Boys wint; Avanti hurd ûnderút

Yn de earedifyzje fan it sealfuotbal foar froulju spilen freedtejûn Drachtster Boys en Avanti. Drachtster Boys wûn krekt fan Team Alkmaar, Avanti gie hurd ûnderút tsjin ZVV Den Haag.
Jessie Prijs (argyffoto) © Tibbesma Fotografie
Drachtster Boys hie yn de earste helte net folle muoite mei Team Alkmaar. Nei tsien minuten waard it al 1-0, tsien minuten letter wie it 2-0 en in pear minuten foar rêst waard it 3-0. Krekt foar rêst makke Alkmaar der noch wol 3-1 fan.
Yn de twadde helte begûnen de Drachtsters op 'e nij goed, troch der 4-1 der fan te meitsjen. Alkmaar besocht werom te kommen, troch 4-2 te meitsjen. It waard ek noch 4-3, mar dat kaam te let, want de wedstriid wie dêrnei fuortendaliks oer.

Avanti ûnderút

Ek Avanti út Stiens moast spylje, op besite by ZVV Den Haag. De froulju, dy't hikkesluter yn de earedifyzje binne, giene hurd ûnderút. It waard 7-3.