UNIS Flyers wint mei romme sifers fan Zoetermeer Panters

08 mrt 2019 - 23:07

UNIS Flyers hat freedtejûn yn de kwartfinale fan de BeNe-League oertsjûgjend wûn fan de Zoetermeer Panters. Yn de earste play-off-wedstriid yn Thialf op It Hearrenfean waard it 10-0.

Archyffoto UNIS Flyers - Zoetermeer Panters - Foto: Martin de Jong

It wie Ronald Wurm dy't de Flyers nei in pear minuten fuortendaliks op foarsprong sette nei passes fan Trevor Hunt en Marco Postma. Net folle letter wie it opnij Wurm dy't de puck deryn skeat: 2-0. De Flyers liken dêrmei op dreef te wêzen. Nei noch gjin tsien minuten op de klok, wie it Postma dy't de 3-0 makke. Noch foar de ein fan de earste perioade sette Tony Demelinne de Friezen op 4-0.

Twadde perioade

De earste sekonde fan de twadde perioade stie kwealik op de klok of Adam Bezak knalde de puck alwer yn it net: 5-0. En dêr bleau it net by. Postma hie de sokken deryn . Nei in perfekt foarlis fan Wurm makke hy de 6-0. Likernôch in minút letter skeat Bezak, wêrnei't de rebound foar Jasper Nordemann wie en hy de 7-0 makke. Dat wie ek de stân wêrmei't de ploech it skoft yn gie.

Tredde perioade

De tsjinstanner like der net oan te pas te kommen freed. Koart neidat beide ploegen wer op it iis stiene, makke Kevin Nijland de 8-0. De 9-0 kaam fan Brent Janssen. Mei noch in pear sekonden op de klok skoarde Nordemann de 10-0.

(Advertinsje)
(Advertinsje)