Roozemond praat mei groep-Riemer: "Op basis van wederzijds vertrouwen"

08 mrt 2019 - 22:17

It kaam net as in hiel grutte ferrassing, de oanstelling fan Cees Roozemond as de nije algemien direkteur fan SC Hearrenfean. It siet der nammentlik al oan te kommen, en dochs soarget syn beneaming foar in soad ûnbegryp.

FIDEO Roozemond

Lieder wurde fan in grutte sportklup. It soe dream fan in soad jonges wêze kinne. Foar Roozemond net perfoarst. "Ik vind het geweldig om te doen, maar het is niet zo dat ik m'n hele leven heb gedroomd van deze baan."

In soad minsken sjogge Roozemond ek net as de dreamde persoan foar de funksje fan algemien direkteur. Ald-Hearrenfeanspiler Geert Jelle de Vries neamt de kar bysûnder, net logysk en dochs wol in bytsje ûnferwachte. "Roozemond wie foarsitter fan it Stichtingsbestjoer", leit De Vries út. "Twaenhealjier nei't Roozemond foarsitter waard, kamen de sifers fan it operasjoneel tekoart nei bûten. Dy sifers wiene sa min, dat der yngrepen wurde moast."

De Vries hat dêrom ien grutte fraach: wat barde der yn de 2,5 jier foardat de minne sifers oer it operasjoniel tekoart nei bûten kamen? "Hokker tafersjoch wie der? Dat tekoart is fansels net yn ien kear fan nul nei seis miljoen oprûn."

Hoe siet it ek alwer?

Luuc Eisenga makke op moandei 10 desimber bekend dat er op 1 maart 2019 ophâldt as algemien direkteur fan Sportklup Hearrenfean. Op de spektakulêre parsekonferinsje wurdt bekend dat it Stichtingsbestjoer fan de klup it fertrouwen yn de ried fan kommissarissen opsein hat. Se fine it tiid foar bestjoerlike fernijing.

Roozemond is op dat momint foarsitter fan it Stichtingsbestjoer. Sûnt desimber nimt er ek de (tydlike) funksje fan rfk-foarsitter op him. Wer in moanne letter nimt Roozemond, op 'e nij earst tydlik, de taken fan fuortgeand direkteur Eisenga oer.

Op 5 maart makket Sportklup Hearrenfean bekend dat Roozemond definityf de nije direkteur wurdt.

"Ik denk dat het ergste was dat daar ook het effect van verrassing in zat", seit Roozemond oer de sifers. "Vanaf november zagen we de tendens dat we de verkeerde kant op gingen. We hebben van alle kanten geprobeerd dat bij te schaven." Mar as Stichtingsbestjoer wie dat net ienfâldich, neffens Roozemond. "Je moet natuurlijk wel oppassen dat je niet over je rol van aandeelhouder stapt. Dus je spreekt de raad van commissarissen aan, die op haar beurt de directeur aanspreekt. Dat proces heeft bijna een jaar geduurd."

Neffens Roozemond seagen se oankommen dat it de ferkearde kant opgie. "Inhoudelijk werden we wel verrast door de grootte van het tekort. En dan kom je weer op vertrouwen. Je moet wel vertrouwen hebben dat je de juiste informatie krijgt en op tijd."

Je zou kunnen constateren dat je het een halfjaar eerder had moeten doen.

Cees Roozemond

Mar hie der net earder yngrepen wurde kind? Yn de tiid dat Roozemond der siet, is der nea nei bûten kaam dat saken net goed giene. Roozemond: "Ik vind ook dat dat zo hoort. Ik vind dat we dat prima intern hebben gehouden. Je zou kunnen constateren dat je het een halfjaar eerder had moeten doen."

De ûntstiene byldfoarming is net yn Roozemond syn foardiel. Fansels hat er wolris tocht dat er der hielendal net oan begjinne moast. "Toen werd gevraagd of ik de maand zonder directeur wilde overnemen, heb ik daar geen moment over getwijfeld. Toen mij gevraagd werd om het fulltime te doen, heb ik daar wel even over nagedacht." Roozemond giet dêrmei yn tsjin de opfetting dat er himsels nei foaren skood hat.

Gjin útlis

"Ik tink oer it algemien dat de efterban mear in probleem hat mei de gong fan saken as mei Roozemond as persoan", seit De Vries. "It is begûn mei it fuortstjoeren fan de ried fan kommissarissen. Der is doe keazen foar stilte. De supporters hawwe rjocht op útlis en dy is nea kaam." Neffens De Vries hie Roozemond it himsels folle makliker meitsje kind troch yn it foar te sizzen wat er fan plan wie.

Cees Roozemond - Foto: Omrop Fryslân

De groep-Riemer sei altyd: 'eerst het plan en daarna de poppetjes'. De benadering fan Roozemond stiet dêr heaksk op. "Daar hebben we naar hen heel duidelijk over gecommuniceerd, dat we daar een principieel verschil van inzicht hadden", leit Roozemond út. "De communicatie is er altijd geweest. We hebben altijd gezegd dat we pas naar de pers gaan als we kunnen uitleggen wat er is gebeurd en het personeel begrijpt wat er gebeurt."

Riemer van der Velde, Foppe de Haan en Gertjan Verbeek hawwe oanjûn dat se de klup helpe wolle. Roozemond is yn petear gien mei de trije klupikoanen. "We moeten ons wel realiseren dat we op basis van wederzijds vertrouwen elkaar moeten vinden. Voor zover ik weet zitten we volgende week vrijdag weer bij elkaar."

Roozemond wie fan 1982 oant en mei 1997 direkteur fan Ceteco, in hannelshûs dat yn 1999 fallyt gie. Hy hat dêrnei in soad yn de hynstewrâld dien. Roozemond wie foarsitter fan de Koninklijke Vereniging van Friesche Paarden en is no bestjoersfoarsitter fan de Koninklijke Nederlandse Hippische Sportfederatie.

Hy is ek foarsitter fan Het Paard van Friesland, it projekt op de Ofslútdyk. Boppedat wie Roozemond eigener fan Stal Groeneweg yn syn wenplak Bergen. Roozemond syn heit wie foarsitter fan Cambuur en yn 1989 waarnimmend boargemaster fan de gemeente Smellingerlân. Hy wenne oant 2005 yn Goaïingea.

Dêrneist is Roozemond sûnt 2014 foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Thialf. Yn 2016 kaam hy yn it stichtingsbestjoer fan sportklup Hearrenfean. Dat stichtingsbestjoer sei it fertrouwen op yn algemien direkteur Luuc Eisenga en de ried fan kommissarissen mei Jorrit Jorritsma, Gerard Kremer en Hans Westerhof. Dêrnei naam Roozemond plak yn de tydlike ried fan kommissarissen en no wurdt er dus algemien direkteur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)