Lang om let wer winst foar Cambuur mei tank oan doelman Mous

08 mrt 2019 - 22:06

SC Cambuur hat foar it earst sûnt 18 jannewaris wer ris wûn. Yn it Mandemakers Stadion yn Waalwijk wûnen de Ljouwerters mei 0-2 wûn fan RKC. Keeper Xavier Mous wie ûnmisber troch ferskate rêdingen. Robin Maulun en Sam Hendriks skoarden foar Cambuur.

Cambuur hie net lang nedich om op foarsprong te kommen. Nei acht minuten krigen de Ljouwerters in frije traap, neidat oanfaller Alex Bangura ûnderút helle waard. Robin Maulun mocht de bal nimme, op sa'n tweintich meter. Fia de muorre fleach de bal yn de goal. Gau dêrnei waard Cambuur wer gefaarlik, op 'e nij waard der in oertrêding op Bangura makke, mar skiedsrjochter Nachtegaal fûn it neat. Fiif minuten letter wie Bangura nochris gefaarlik, mar doe wie de foarset fan Sam Hendriks krekt te hurd.

Efkes letter wie keeper Xavier Mous belangryk doe't hy mei twa geweldige rêdingen syn goal leech wist te hâlden. Nettsjinsteande in pear lytse kânskes oan beide kanten bleau it mei rêst 0-1.

RKC-stoarm

RKC kaam fol goeie moed de klaaikeamers út. Se giene fol yn de oanfal en krigen dêrtroch in soad kânsen. Doelman Mous wie gelokkich yn foarm en hat Cambuur oant fjouwer kear ta rêden, ûnder oare troch in skot fan tichtby fia de peal fuort te wurkjen.

Cambuur kaam yn de twadde helte net in soad oan oanfallen ta, mar waard wol hiel gefaarlik. Maulun rekke in kear de peal en ek spits Sam Hendriks krige ek noch in enoarme kâns. Hy kaam ien op ien foar RKC-keeper Vaessen, wist foarby de doelman te spyljen, mar gie dêrnei ûnderút. Hy woe in penalty, mar krige dy net. Dêrnei wie it wer Mous dy't rêding brocht troch in kopbal fan fiif meter fan de line te slaan.

Krekt foar de ein krige Sam Hendriks in nije kâns. Sambissa lei de bal perfekt klear foar Hendriks, dy't 'm der ienfâldich yn sjitte koe: 0-2. Dêrnei krige Cambuur sels noch in kâns op 0-3, mar Nigel Robertha rekke de latte.

Foto: www.orange-pictures.nl

RKC Waalwijk - SC Cambuur 0-2 (0-1). 9. Robin Maulun 0-1, 89. Sam Hendriks 0-2.

Opstelling SC Cambuur: Mous, Sai, Mbende, Schilder, Sambissa, Boerlage, Jansen, Maulun (83/ Ciganiks), Conraad (46/ Van Kippersluis), Hendriks, Bangura (66/ Robertha).

(advertinsje)
(advertinsje)