Sa'n 24 miljoen plestikkerrels yn it eastlik Waadgebiet

Op it Noardseestrân fan Skiermûntseach lizze fierwei de measte plestik kerrels fan de hiele Waadkust. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins. Koart neidat de MSC Zoe begjin jannewaris sa'n 345 konteners kwytrekke boppe de Fryske Waadeilannen, lansearren sy de webapp Waddenplastic.nl. Dêrop koene minsken meihelpe om in goed byld te krijen fan wêr't it oanspielde plestik guod bedarre.
Seestjer mei plastic kerrels op Skiermûntseach © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach lizze gemiddeld sa'n 268 kerrels de fjouwerkante meter. It opromjen fan dy kerrels begjint kommende wike en wurdt dien troch it bedriuw BDS út Harns, yn opdracht fan Natuermonuminten en de gemeente Skiermûntseach. Yn it foar hat hjiroer kontakt west mei de fersekerder fan de reder en dy betellet it skjinmeitsjen.
It wurk bart mei in saneamde 'meanklepelsûger'. Dy wurdt ynsetten om it floedmerk skjin te meitsjen. Dat is it plak dêr't by heech wetter it measte materiaal út see bedarret. Kerrels dy't op oare plakken yn it sân of yn de kwelder lizze, kinne sa net fuorthelle wurde.