FIDEO: Hoe belibje de âlden it WK shorttrack?

08 mrt 2019 - 19:15

Titelfavorite Suzanne Schulting hat op de earste dei fan it wrâldkampioenskip shorttrack alle foarrondes oerlibbe. Ek Rianne de Vries docht mei oan it WK. Har famylje reizget altyd mei har mei, sa ek dizze kear nei Sofia yn Bulgarije. Foar de dielnimmers oan it WK shorttrack is dit fansels in tige spannende perioade. Mar hoe sit dat mei harren heiten en memmen? Ferslachjouwers Andor Faber en Roelof de Vries giene ek dy kant op.

(advertinsje)
(advertinsje)