Iene nei de oare ljipaaifynst; yn De Fryske Marren sels in trijke

It reint earste ljipaaien. Yn Weststellingwerf, Opsterlân, De Fryske Marren en It Amelân binne freed ljipaaien fûn. Yn De Fryske Marren sels in trijke. Dit meldt it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW).
De finers fan it alderearste ljipaai fan Fryslân, Eduard van der Hoek en Michel de Groot © Omrop Fryslân
Freedtemiddei om 15:00 oere hat Klaas Stapensea it earste ljipaai fan de gemeente Weststellingwerf fûn, flakby Slikenboarch. Geert Bosma fûn it earste ljipaai fan de gemeente Opsterlân, yn 'e buert fan syn wenplak Fryske Peallen en op it Amelân wie it Jan Brouwer dy't it earste aai fûn. It wie al de fjirde kear foar Brouwer dat hy de earste wie op it eilân: "Maar de laatste was wel tien jaar terug, dus het werd wel weer eens tijd".

In trijke

Yn De Fryske Marren is it earste aai ek fûn, mar ek it twadde en tredde. Om 16:45 hinne fûn Piet Bosman fan Bakhuzen in trijke by Riis en dat betsjut dat dêr dus al sûnt moandei of tiisdei in aai lein hat.

Opfretten

It BFVW meldt fierder op har Facebookside dat se by in kontrôle fan it earste ljipaai fan 2019 in tryste ûntdekking diene. Der wie noch wol in aaike by kommen of miskien ek wol twa, mar alle aaien binne opfretten troch in predator.

Alderearste ljipaai

It alderearste ljipaai fan Fryslân waard ein febrewaris al fûn troch Eduard van der Hoek. Hy trof it aai oan yn de greide by Vegelinsoard yn De Fryske Marren en krige de Sulveren Ljip útrikt troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.