ANALYZE: Leden Keatsferiening Jan Bogtstra hâlde elkoar yn de wurchgreep

08 mrt 2019 - 19:03

Wylst Ajax tiisdei 5 maart Real Madrid oan de kant sette, barde dat yn kafee De Bogt fen Guné krekt net mei it sittende bestjoer fan de keatsferiening Jan Bogtstra út Frjentsjer. Mar de gearkomste wie wol like spannend as de wedstriid Real Madrid-Ajax. En bizar ek. In weromsjoch op in bysûndere jûn yn 'De Bocht'.

Foto: Omrop Fryslân

Dat der fan alles broeide yn de Frjentsjerter keatsferiening wie al dúdlik. Seis leden hawwe in kommisje foarme mei as doel Jan Bogtstra wer op 'e kaart te setten. Neffens de ûntefreden leden is it sittende bestjoer al in tal jierren net by steat. Aksje moast der komme neffens dy leden en sy soenen har der wol mei rêde om Jan Bogtstra wer 'in de vaart der volkeren' te krijen.

Al frij rap wie dúdlik dat dy seis krityske leden it bepaald net mear sitten seagen, mei it sittend bestjoer yn it algemien en mei foarsitter Ludwig Seerden yn it bysûnder. Wat der yn de ôfrûne moannen krekt allegear bard is tusken de kommisje en it bestjoer fan Jan Bogtstra is net alhiel dúdlik. It giet ek te fier om dat allegearre út de kôgjen.

Tsjinoer elkoar

It is klip en klear dat beide groepen hieltyd mear tsjinoer elkoar kamen te stean yn stee fan mei-inoar gear te wurkjen. En dat de ûnderlinge kommunikaasje (as gefolch fan dy ferhurde opstelling) sêft sein bepaald net yn oarder wie. En sa koe it barre dat de iene partij op de gearkomste in folslein oare persepsje fan de aktuele stân fan saken hie as de oare. En ek dat sy inoars bloed wol drinke kinne. Under dy omstannichheden kaam de goed besochte Algemiene Ledegearkomste fan Jan Bogtstra byinoar.

Hoe goed foarsitter Ludwig Seerden ek syn bêst ek die om de gearkomste sa "gewoan" mooglik ferrinne te litten, hy koe der mei net foarkomme dat de spanning yn it lytse sealtsje fan De Bocht derôf spatte. De toan waard set troch Pieter Smink dy't, hoewol net altyd like gearhingjend, it gefoel fan de jongereinkommisje ferwurde. Dat wie in earste tikje yn de rjochting fan de kommisje. En it fierde de spanning noch mear op.

Dêrnei kaam it punt 'ingekomen stukken' oan 'e oarder. En dêryn wurde noch wat krûd oan de dochs al eksplosive situaasje taheakke. Want der wie in brief binnenkaam fan Frythermo-direkteur Erik Seerden. Syn bedriuw is haadsponsor fan Jan Bogtstra en betellet in substansjeel bedrach oan de keatsferiening. Seerden liet witte, dat as it sittende bestjoer fuortstjoerd wurde soe of opstappe soe, hy mei direkte yngong syn sponsorskip beëinigje soe. Hoppakee, noch mear spanning derop.

Fuortrûn út de seal

In opmerklik feit die him foar doe't by de finansjele ferantwurding troch de ponghâlder de seis kommisjeleden de seal ferlieten. Dit ta grutte argewaasje fan foarsitter Seerden. Hy sette de gearkomste stil en rûn efter de seis leden oan, dy't dêrnei wer werom kamen.

Tinus Boomstra, wurdfierder fan de kommisje, krige dêrnei it wurd en hy ferûntskuldige him foar it fuortrinnen. Hie net moatten. Mar ja, de situaasje wie no sa folslein oars as de kommisje tocht hie, dat der spoedoerlis nedich wie tusken de kommisjeleden. Boomstra fertelde dêrnei it ferhaal fan syn kommisje. En doe bliek it ferskil yn persepsje. Boomstra gie derfan út dat de kommisje en it bestjoer noch altyd op ien line sieten. Mar dat soks net wier bliek te wêzen.

Untefreden leden

Boomstra smiet der noch mar in kear de powerpointpresintaasje tsjinoan en spruts dêrby krityske wurden. Jan Bogtstra is gjin 'brûzjende' feriening mear. Der binne in protte ûngerêste en ûntefreden leden. De bining fan de leden is minimaal. Der is in lege opkomst by de ledepartijen. Itselde is it gefal by gearkomsten (op dizze jûn nei). Der is gjin beliedsmjittige oanpak te ûntdekken. Der is gjin bestjoerskrêft en der is in te sintrale rol foar de foarsitter.

Konklúzje: it is tiid om in nije wei yn te slaan. Der moat in nije organisaasjestruktuer komme, mei in nij trijekoppich bestjoer. En passant waarden de nammen fan dy trije nije bestjoersleden ek al efkes neamd. Under betingst dat sy alle trije beneamd waarden, kamen de nammen fan Annet de Koe, Wim Auke Sannes en Tinus Boomstra sels út de hege hoed.

De lêste namme is opmerklik, want de kommisjeleden hawwe hieltyd sein net in bestjoersfunksje te wollen. Boomstra hat stêd en lân ôffytst om nije bestjoersleden, mar slagge dêr net yn. Doe hat hy sels de ferantwurdlikheid mar naam. En dat falt him te priizgjen.

Oplossingen?

En doe wie it wurd oan de gearkomste. Nei in ûnderbrekking spruts Bram Bonnema wurden dy't de spanning aardich delbêde. Gjin oerhastige besluten nimme; jou elkoar in kâns. Gean it petear nochris oan en stel at it moat in ûnôfhinklik mediator oan. Hjir spruts de betûfte politikus. Ludwig en Tinus fielden wol foar dizze oplossing. Beide mannen kinne inoars bloed wol drinke, mar gjin fan beiden doarde it oan.

Soarchfâldich waarden de wurden keazen. "It belang fan Jan Bogtstra foarop" hearden wy beide kampen sizzen. En ek al kaam de stoom sawat út beide mannen harren earen, sawol Ludwig as Tinus redenearren mei de hânrem derop. Benaud om de skuld te krijen. En de gearkomste gie akkoart mei it foarstel fan Bonnema. Ek bliid dat de saak net knapte op dizze jûn. Bytsje opportunistysk, dat wol, mar sa gie it.

Hoe no fierder

Undertusken kinne je je ôffreegje watfoar basis der noch is yn keatsferiening Jan Bogtstra. Boomstra hâldt fol dat it sittende bestjoer fuort moat, omdat se der neat fan bakt ha yn de lêste jierren. Foarsitter Seerden hat syn ôfskied al oankundige, dus dat probleem is oplost. Mar wat docht de rest fan it bestjoer? Wolle dy yn see mei Boomstra c.s. En binne sy dan ree om har plak yn it bestjoer ôf te stean en fierder te gean as bygelyks kommisjelid. Want dat is wat de kommisje fan Boomstra wol.

En wat dogge dan al dy frijwilligers dy't no al yn dy ferskate kommisjes sitte. Bliuwe dy of hâlde sy der mei op? En krekt dy kommisjes krije in wichtige funksje as it oan it nije bestjoer leit. It bleau allegearre ûnder de oerflakte. Net ien doarde in hurd stânpunt yn te nimmen, bang om de feriening 'op te blazen'. Ferromme gie de gearkomste akkoart mei it troch Bram Bonnema kreëarre útstel fan eksekúsje. Mar wat lost dizze polityk kleurde útstel aksje fan Bonnema op? Dat is de fraach.

Ferhâldingen fersteurd

De ûnderlinge ferhâldingen by Jan Bogtstra binne ta op it bot fersteurd. Der is sprake fan wantrouwen, fan argewaasje, fan lilkens. Minsken kinne net mear mei inoar troch ien doar. Kinne inoars bloed wol drinke. Der is sprake fan in enoarme ympasse. Dy mediator moat in kei fan in persoan wêze om de noazen wer deselde kant op te krijen. Hy/sy krijt in bak ellinde oer him/har hinne, want foarearst stean de ferskate groepen binnen Jan Bogtstra inoar sa'n bytsje nei it libben.

Boomstra is him fan gjin kwea bewust, nettsjinsteande de ferme taal dy't hy sprekt yn de rjochting fan it sittende bestjoer. Opmerklik. Mar dat dy minsken noch sitten bleaun binne, is op himsels al in wûnder. As je sa as ynkompetint delsetten wurde troch de beëage nije foarsitter, dan soenen je dochs hurddravend it bestjoer ferlitte. Sykje it mar út, Tinus. Ast it sa goed witst, dan moatst it ek sels mar dwaan.

Mar nimmen doart dy ferantwurdlikheid op him te nimmen. Noch net. De keatsferiening Jan Bogstra is as in fûgel sûnder wjukken. Beide partijen hâlde inoar yn in ferstikkende, kontraproduktive wurchgreep. Foarearst kent dizze affêre allinnich mar ferliezers. Ik bin benijd nei de ôfrin. Oer in wike of seis witte we mear.

Trefwurden: 
keatsen Jan Bogtstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)