FIDEO: Nije rotonde Garyp: hoe ryd ik foarearst nei myn bestimming?

08 mrt 2019 - 18:31

Provinsje Fryslân wol de ûnfeilige situaasje by ôfslach Earnewâld fan de Wâldwei (N31) oanpakke. Yn stee fan stopljochten, dy't der no stean, leit de provinsje der in rotonde del. Foar elkenien dy't der faak delkomt is it al handich om te witten hoe'tst fan moandei 11 maart ôf op dyn bestimming komst, en dat lizze de handige jonges fan Omrop Fryslân graach oan dy út yn ûndersteande fideo. Sa komst do it ienfâldichst op dyn bestimming.

(advertinsje)
(advertinsje)