Formaasje De Fryske Marren komt yn de folgjende faze

De formaasje fan De Fryske Marren komt yn de folgjende faze. Ferkenner Roelof Bos advisearret om mei fjouwer partijen fierder te praten: it CDA, VVD, PVDA en GrienLinks. Mei dizze partijen sil der mear oer de ynhâld fan in nij koälysje-akkoart praten wurde.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden
It kolleezje fan De Fryske Marren stroffele healwei febrewaris oer it dossier fan de sânwinning yn de Iselmar. Twa FNP-wethâlders namen ûntslach nei in moasje fan wantrouwen fan de gemeenteried. De grutste partij, it CDA, hat Roelof Bos doe frege as ferkenner/ynformateur. De ferkennende ronde hat hy no ôfsletten. Tiisdeitejûn sil hy de ried ynljochtsje.
Der wurdt dus no oan in nij kolleezje boud. "It oare hawwe wy achter ús litten. Wy sjogge foarút en wy wolle in goed kolleezje foarmje", fertelt CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden. It CDA is tefreden mei it advys fan Roelof Bos. "Us earste foarkar wie in breed kolleezje. Der moat in goede basis wêze om de kommende trije jier goed gear te wurkjen. Wa't dêr by oanheakje wol, is wolkom."