Fryske boeren dogge mei oan pilot fan Eastenryks projekt

08 mrt 2019 - 18:00

Yn Fryslân dogge sa'n 25 boeren mei oan in pilot dy't liede moat ta in ferbettering fan de grûn. De pilot is basearre op in foarbyld yn it Eastenrykse Kaindorf dêr't boeren al sa'n 25 jier mei dit systeem dwaande binne, en mei sukses.

Pilot CO2 opslach by fryske boeren

By de dielnimmende boeren wurde tsientallen meunsters naam om te sjen hoe heech it gehalte organyske stof by harren op dit stuit is. Dy mjitting is nedich om oer in langere perioade te bepalen wat der feroaret as de boeren harren wurkmetoade oanpasse. Sa meie se bygelyks de grûn net mear omploegje en gjin keunstmest mear brûke. En sa binne der folle mear kritearia dêr't se oan foldwaan moatte. It doel is om it gehalte organyske stof yn 'e grûn hjirtroch omheech te helpen. Mear organyske stof yn 'e grûn betsjut ûnder oaren dat dy makliker bewurke wurde kin en mear wetter en CO2 opnimt.

Sertifikaten ferkeapje

De bedoeling is dat de dielnimmende boeren op termyn sertifikaten ferkeapje meie foar de ekstra CO2 dy't se troch de nije oanpak opslaan kinne. Dy sertifikaten kinne ferkocht wurde oan bedriuwen dy't oer de CO2 noarm hinnegeane en oan alle oare partijen dy't CO2 útstjit kompensearje wolle sa as minsken dy't op reis geane mei it fleantúch.

De provinsje stekt in pear tûzen euro yn it projekt en hopet dat sawol de boeren as de maatskippij úteinlik profitearje fan de oare en bettere bewurking fan de boaiem. Yn novimber ferline jier waard op inisjatyf fan de provinsje in besite brocht oan Kaindorf om te sjen hoe't se it dêr oanpakke. It duorret in pear jier foardat de earste resultaten fan de proef bekend binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)