Wurksumens oan Sudergoabrêge úteinsetten
De Sudergoabrêge by Warkum sil fan freedtejûn ôf in oantal dagen ticht wêze. In masinefabryk út Emmen begjint yn opdracht fan de provinsje mei de renovaasje fan de brêge. Njonken skea oan it beton binne der ek oare saken dy't oanpakt wurde. Dat betsjut wol dat it ferkear oant woansdeitemoarn betiid net oer de brêge kin en in flink ein omride moat.
Sudergobrege
Projektlieder Edo Feenstra
"De omliedingsrûtes sitte derop sûnt justerjûn sân oere", fertelt projektlieder Edo Feenstra. "Wy besykje it sa betiid mooglik oan te jaan foar de minsken, sadat de rûtes dy't se omride moatte sa koart mooglik bliuwe kwa tiid."
Neffens de útfierder ferrint it wurk goed. "Het weer zit niet helemaal mee, maar qua planning gaat het goed." De wurklju rinne sels sa'n fiif oeren foar op skema. "Dat zegt nog niks, want er hoeft maar iets tegen te zitten en de tijd verdampt weer."