Soarte fan Uber-app moat bern makliker op skoalle krije

08 mrt 2019 - 17:49

In app op je tillefoan dêr't je as learling op sjen kinne oft der ien de kant fan dyn skoalle út giet. It kin in oplossing wêze foar jongerein út de doarpen dy't yn de stêd nei skoalle gean. Mei it iepenbier ferfier is sa'n reis net altyd like maklik. It waard oppere troch PvdA-listlûker Marijke Roskam yn in skoalledebat op it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. Roskam gie dêr ferbaal de striid oan mei CDA-listlûker Sander de Rouwe.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It debat op Kristlik Gymnasium Beyers Naudé

Der kin dan tocht wurde oan in soart fan Uber-app. Marijke Roskam sjocht in proef dêrmei wol sitten: "Nu sta je soms bij een bushalte en dan rijdt iedereen je voorbij. Met zo'n app zou de man of vrouw in de auto jou dan mee kunnen nemen." De Rouwe is net ôfwizend. Hy wol der nei de ferkiezings wol fierder oer neitinke.

Klimaat hâldt learlingen dwaande

It klimaat spile in belangrike rol yn it debat. In soad learlingen woene dúdlik witte wat de partijen provinsjaal dogge. De PvdA, Marijke Roskam, wol minsken helpe by it enerzjysuniger meitsjen fan wenten. Op de fraach hoe't se dat betelje wol, antwurde Roskam dat der yn it provinsjehûs noch in soad potsjes binne dy't noch fol mei jild sitte.

De Rouwe is ek foarstanner fan de fergriening fan de provinsje. Hy wol de klimaatdoelen helje mar fynt dat de Friezen sels it tempo bepale. De provinsje moat it der net trochhinne drukke, sa fynt de CDA-foarman.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It grutste part fan de learlingen yn de kantine mei sels net te stimmen. Dat stekt De Rouwe: "Ik vind eigenlijk dat jullie mans genoeg zijn. Jullie zijn betrokken en hebben een mening. Dan wil ik mij inzetten om de kiesgerechtigde leeftijd omlaag te krijgen, naar 16 of 17 jaar." As foarbyld sjocht de CDA-listlûker nei it frouljuskiesrjocht. Dêr is ek mei sukses foar striden.

CDA wint

Oan it ein fan it debat krigen de learlingen de kar tusken of De Rouwe of Roskam. In grutte mearderheid keas foar Sander de Rouwe. Op 20 maart binne de echte ferkiezings. Dan gean de stimbussen iepen foar in algemien bestjoer fan it Wetterskip Fryslân en Provinsjale Steaten.

(advertinsje)
(advertinsje)